Tunnelbak Feanwâlden pleatst

16 okt 2014 - 15:06

By Feanwâlden wurdt tongersdeitemiddei in tunnelbak ûnder it spoar skood. De ûndertrochgong by it spoar komt op it plak dêr't De Sintrale As ûnder it spoar Ljouwert-Grins trochgiet. Der is in spesjaal gebiet ynrjochte foar belangstellenden om te sjen hoe't it wurk dien wurdt.

It pleatsen fan de bak nimt oeren yn beslach. It is noch net bekend wannear't de bak op it goeie plak leit, mar it kin seker nachtwurk wurde. Moandei moatte de treinen der wer oerhinne ride kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)