Túnmeubels yn 'e brân stutsen

08 jul 2010 - 10:13

De plysje hat tongersdeitemoarn betiid fjouwer minderjierrige jonges oanhâlden fanwege iepenlike geweldpleging. It giet om twa jongens fan 14, ien fan 15 en ien fan 16. Se komme út Snits, Twellingea en Greonterp.

Tsjûgen seagen dat de fjouwer yn Blauhûs túnmeubels yn de brân stutsen. Fierder smieten se flessen stikken en fernielden se blompotten. De plysje koe de fjouwer oanhâlde en hat se nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)