Túnkers wachtsje maatregels ôf

15 aug 2014 - 16:49
  • Steatssekretaris Dijksma naam Hollânske griente en fruit mei nei it Binnenhof

Fryske túnkers reagearje weromhâldend op de maatregels dy't steatssekretaris Dijksma freed oankundige om bedriuwen te stypjen dy't troffen binne troch de Russyske boykot fan agraryske produkten. Bedriuwen meie wurktiidferkoarting ynfiere en kinne gebrûk meitsje fan garânsjeregelings om de holle boppe wetter te hâlden.

Fryske túnkers wolle earst ôfwachtsje wat dit opsmyt. 'Wy binne gjin produksjebedriuw dat de produksje stil sette kin', seit in túnker. Ek wurdt der twifele oer de liening, om't dit de bedriuwsskulden allinnich mar ferheget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)