Túndoarp wurdt bouryp makke

15 sep 2008 - 11:11

Yn Wolvegea is moandeitemoarn út_ein_set mei it bouryp meitsjen fan it wengebiet Túndoarp. De strjitten yn de nije wenwyk Lindewyk wurde yn de takomst ferljochte mei LED-lampen. Dy ferljochting is in stik suniger as gewoane lampen.

Yn ´e nijbou fan Wolvegea wurde de kommende jierren 650 wenten boud. It bouryp meitsjen moat neffens de gemeente Weststellingwerf foar de winter klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)