Tún yn Peins ôfbaarnd

10 maaie 2008 - 14:39
  • de bylzen yn de tún binne ferbaarnd

In ynwenner fan Peins waard sneon raar wekker. Doe't Dorus van der Meer de gerdinen iepen die, seach er flammen fan dik oardel meter heech fan syn tún kommen. De spoarbylzen om syn blommetún stiene yn brân. Mei tsien blommejitters fol wetter en help fan de brânwacht hie er it fjoer gau út.

Van der Meer tinkt dat in wurge fytser in sigaretsje rookt hat op it sitsje yn syn foartún en dat it fjoer troch in peuk ûntstien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)