Tûmba skriuwt BN'ers oan

20 apr 2006 - 17:09

Sintrum Tûmba út Ljouwert hat in iepen brief stjoerd oan 19 bekende Nederlanners. Yn it brief, dat de foarm fan in boekje hat, wurde BN'ers, lykas Foppe de Haan en Youp van 't Hek, frege mear omtinken te jaan oan de mishanneling fan bern.

Minister Pechtold wurdt frege in wykein te organisearjen. Dêrby sille de oare 18 ûntfangers fan it brief in plan meitsje om omtinken te krijen foar bestriding fan bernemishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)