Tûmba hopet op soad folk

07 des 2004 - 17:31

De manifestaasje foar respekt en tsjin ekstremisme moat tûzenen minsken lûke. Sintrum Tûmba organisearret snein 19 desimber yn it FEC yn Ljouwert de manifestaasje. De Marokkaanse rapper Ali B. moat in soad jongeren lûke. Der binne ek optredens fan Syb van der Ploeg, Mirjam Timmer en Kasba. Ek Henk Kroes en Foppe de Haan komme del.

Sintrum Tûmba wurket gear mei de Ried fan Tsjerken, Flechtlingewurk, Solidêr Fryslân, de provinsje en de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)