Tûkste wenning stiet yn Dokkum

20 maaie 2005 - 10:16

De 'tûkste' wenning fan Nederlân stiet sûnt tongersdei yn Fryslân, oan de Burdaarderstjitwei yn Dokkum. De wenning hat allegear technyske snufkes lykas in kofjesetapparaat mei ôfstânbetsjinning of ljochten dy't harsels regelje. Benammen op it plattelân kin sa'n wenning fan nut wêze. Alderein soe sa langer op harsels wenjen bliuwe kinne.

De tûke wenning is oant febrewaris 2006 te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)