Tûke oerwinning Stroetinga

04 nov 2012 - 14:46

Maratonrider Arjan Stroetinga hat sneon yn Den Haach de fjirde KPN-maratonwedstriid wûn. Lang like de oerwinning nei âld-Dryltser Jouke Hoogeveen te gean. Wylst Hoogeveen de hannen al omheech stuts om syn feestje te fieren, seach Stroetinga kâns syn reed krekt wat earder oer de streek te setten.

By de froulju gong de winst nei Foske Tamar van der Wal. Bêste Friezinne wie Maria Sterk fan Hallum, dy't as fjirde einige. Yn it klassemint fine wy Sterk ek werom op it fjirde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)