Tûke fan monumintale beam waaid

27 mrt 2006 - 12:26

In fallende tûke hat sneintemoarn foar in libbensgefaarlike situaasje soarge oan de Grienewei yn Ljouwert. Troch de hurde wyn bruts de swiere tûke ôf fan de monumintale kastanjebeam efter museum It Prinsessehof.

Dêrnei foel er op it stek fan it binnenplak en bedarre op it fytspaad. Der ha him gien persoanlike ûngemakken foardien. Der moat noch sjoen wurde oft de beam sa slim skansearre is, dat er omseage wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)