Tûke bern yn Eaststellingwerf

02 feb 2005 - 10:45

Skoalbern yn Eaststellingwerf skoare boppe it lanlik trochsneed, sa docht bliken út 'e Underwiismonitor. Dêrmei binne yn 'e gemeente mei súkses achterstannen yn it ûnderwiis fuortwurke. It it foar it earste dat de gemeente sa'n ûndersyk útfiere lit.

It Ryk wol dat gemeenten ûnderwiisachterstannen oanpakke, mar jout net in soad praktyske help. Eaststellingwerf wol tenei geregeld de prestaasjes fan 'e skoalbern teste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)