Tûke bern nei "grutte" skoalle

16 nov 2012 - 07:59
  • Skoalboerd

Bern dy't yn groep 8 fan de kristelike basisskoallen yn Ljouwert bûtengewoan goed presteare, kinne fan takom skoaljier ôf in dei yn 'e wike nei it fuortset ûnderwiis. De saneamde eksellente learlingen ha al trije jier wykliks les yn de plusklas yn Techum. De âldste bern kinne no ek òf nei it Beyers Naudé Gymnasium of nei Comenius. Op it gymnasium meitsje de bern kennis mei it klassike Grikenlân, op Comenius wurdt les jûn yn mediawiisheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)