'Tûk plan foar lytse skoallen'

31 mrt 2013 - 17:24
  • Kristlike basisskoalle Boarnwird
  • Steatssiktaris Sander Dekker

Steatssiktaris Sander Dekker fan ûnderwiis sil noch foar de simmer in 'tûk plan fan oanpak' foar lytse skoallen presintearje. Dekker sei dat snein op Omroep West TV. Neffens Dekker sil it tal bern yn guon dielen fan Nederlân de kommende jierren wol mei 30 % weromrinne. Der sille dêrom allinnich mar mear lytse skoallen komme, tinkt Dekker. "Als we niks doen, is er straks op sommige plekken helemaal geen onderwijs meer."

Dekker pleitet foar 'tûke oplossings', sadat it plattelân ek yn de takomst goed ûnderwiis hâldt.

Wat Dekker krekt bedoelt mei 'tûke oplossings' is noch net dúdlik. De steatssiktaris krige koartlyn it advys fan de Onderwijsraad om alle skoallen mei minder as hûndert learlingen te sluten, mar de regearingspartijen VVD en PvdA fine dy noarm te strang. De measte lytse skoallen steane yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Seelân. Yn dizze provinsjes hat mear as de helte fan alle basisskoallen minder as hûndert learlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)