Tuitert wint 500, Kramer 10de

08 jan 2005 - 12:11

Sven Kramer fan Aldskoat ferlear freed op 'e 500 meter de rit fan syn Eastenrykse tsjinstanner Thomas Falger. Kramer lei de 500 meter ôf yn 37'12". Europeesk Kampioen Mark Tuitert wûn de 500 meter yn 36'08", Jochem Uytdehaage waard twadde yn 36'40".

De fjirde Nederlanner Carl Verheijen waard tolfde yn 37'18". De Dútser Jan Friesinger waard tredde, de Rus Lalenkov fjirde en de Italiaan Enrico Fabris waard fyfde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)