Tuitert slacht gat op 500 meter

20 des 2003 - 00:00

De 500 meter by de manlju op it NK Allround yn Eindhoven is wûn troch Mark Tuitert yn 56,85. Hy bleau syn konkurrinten dêrmei fier foar. Ids Postma waard nei in minne start 4e yn 37,56, Uytdehaage 5e yn 37,79 en Gianni Romme 15e yn 38,57.

Rintsje Ritsma einige op in 10e plak yn 38,09. Ritsma bruts earder dit jier syn skonk en is dêrom net ûntefreden oer syn tiid. Solinger en Olde Heuvel wiene nûmer 2 en 3 mar binne sprinters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)