Tuinier hâldt op as kolleezjefoarsitter Friese Poort

18 maaie 2015 - 14:46
  • De Friese Poort oan de Anne Wadmanwei yn Ljouwert

Mei yngong fan 1 jannewaris 2016 ferlit Sjouke Tuinier ROC de Friese Poort as foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer. Tuinier giet mei pensjoen. Hy is fan de oprjochting ôf yn 1994 bestjoersfoarsitter fan de Friese Poort.

Under lieding fan Sjouke Tuinier is de skoalle foar kristlik beropsûnderwiis groeid fan 8500 studinten nei goed 13.000 studinten. De Friese Poort hat lokaasjes yn Ljouwert, Dokkum, Drachten, Snits, Emmeloord en Urk. Yn de kommende moannen sil de ried fan tafersjoch op syk gean nei in opfolger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)