Tuinenga, Visser en Scheepstra winne yn Huzum

28 jun 2015 - 16:41

Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hawwe snein de frije formaasje haadklasse keatspartij yn Huzum wûn. Yn de finale wiene de trije froulju mei 5-1 en 6-6 te sterk foar Marije Hiemstra, Martine Timersma en Sjanet Wijnia.

De lytse preemje wie foar Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra, dy't yn de heale finalestriid mei 5-3 en 6-0 ferlearen fan Tuinenga en-dy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)