Tuchtkommisje KNVB ûndersiket Fryske sealfuotbalwedstryd

18 des 2015 - 15:10
  • KNVB

De tuchtkommisje fan de KNVB wol witte wat der krekt bard is nei in wedstryd fan de sealfuotbalteams fan De Herauten fan Burgum en Futsal Cambuur. Dat duel wie twa-en-in-heale wike lyn.

By fjochterij nei dy wedstryd rekken twa fuotballers fan De Herauten ferwûne oan de holle. De tuchtkommisje wol beide partijen hearre yn in mûnlinge sitting. Dy is op tolve jannewaris. Dêrnei beslút de KNVB oft de fjochterij konsekwinsjes ha moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)