Túch net gemysk bestride

08 okt 2003 - 00:00

Túch oan de provinsjale diken wurdt net mear mei gemyske middelen bestriden. Tenei wurde branders, stoomapparatuer en boarstels brûkt. Mei wetterskippen en gemeenten wol de provinsje sa besykje de kwaliteit fan it bûtenwetter te ferbetterjen. In soad fan de bestridingsmiddels komme yn de sleat telâne.

De provinsje wol in foarbyld wêze en hopet dat oaren ek ophâlde mei it gemysk bestriden fan ûnkrûd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)