Túch mei hyt wetter bestride

28 apr 2004 - 00:00

Mei hyt wetter bestriidt Fryslân Miljeu it túch yn 'e strjitten. Der is in spesjale masine foar ûntwikkele. Yn 'e gemeenten Ljouwert en Opsterlân wurdt earst in proef dien. Njonken de twa Fryske gemeenten rinne ek yn Grins en Meppel sokke proefprojekten.

De masine siket mei sensoaren nei ûnkrûd en spuitet dêr wetter mei in temperatuer fan 98 graden op. Der komme gjin gemyske middels oan te pas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)