Tsjuster yn Dokkum en omkriten

06 jan 2014 - 17:55

In grut part fan Dokkum en doarpen om de stêd hinne sitte op dit stuit sûnder stroom. De stroomsteuring ûntstie om in oere as fiif nei in eksploazje yn in ferdielstasjon yn Dokkum. Neist Dokkum sitte ek húshâldens yn Eanjum, Damwâld, Blije, Burdaard, Driezum, Ie, Raard, Rinsumageast, Sibrandahûs, Wâlterswâld, Westergeast en Wierum sûnder stroom. De steuring treft ek de eilannen Skiermûntseach en It Amelân. It giet mei-inoar om 9500 húshâldens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)