Tsjummearum fan de list

05 aug 2009 - 10:33
  • De earste partoeren oan it keatsen op de Freule (foto: Dirk Jan Haarsma)
  • It partoer fan Burchwert kin nei ien wedstriid wer nei hûs (foto: Dirk Jan Haarsma)

Ien fan de favorite partoeren op de Freule, dat fan Tsjummearum is al nei ien keatspartij fan de list. Yn de partij tsjin Wjelsryp koene Willem Heeringa, Rick de Graaf en Robert de Bruin it net oprêde.

Ek de partoeren fan Holwert, Arum, Skettens/Longerhou, Wommels, Lekkum, Seisbierrum/Pitersbierrum, Menaam, Snits, Winsum, Drachten, Weidum, Driezum, Peins, Itens, Winaam, Froubuorren en Burchwert geane net fierder nei de twadde list.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)