Tsjûkemar moat toeristyske attraksje wurde

27 sep 2015 - 17:16

Yn Dolsterhuzen wurde moandei de plannen bepraat om fan de Tsjûkemar in grutte toeristyske attraksje te meitsjen. It giet bygelyks om in grutte wetterskybaan, in driuwend teater yn de mar of it ferbetterjen fan de hjoeddeiske foarsjennings.

In krekt oprjochte groep Club van Aanjagers presintearret de plannen. De klup hat sjoen nei wat it bêste by de omlizzende doarpen past. It moat de ûndernimmers om de mar hinne nije kânsen jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)