Tsjûgen ûngelok Hurdegaryp frege

27 apr 2003 - 00:00

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok dat sneon om 18.00 oere yn Hurdegaryp bard is. In famke (13) út it doarp rekke ferwûne. Se fytste op de Wester Omwei. Doe't se ôfslaan woe, de Drijberwei yn, kaam in wite auto fan de oare kant oanriden. De wein dy't it famke by it oerstekken rekke, is fierder riden.

De plysje siket de bestjoerder fan de wite auto en freget oare tsjûgen har te melden op telefoannûmer: 0900 – 8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)