Tsjûgen trappearje dief

12 feb 2011 - 13:38

Op de Jousterwei, flak foar It Hearrenfean, is freedtenacht in man oanhâlden. Hy hie mistlampen fan in auto stellen. Tsjûgen seagen dat de man by in te keap steande auto oan it prutsen wie by in bedriuw oan de Firmawei. Se sprutsen him oan en doe stapte de man gau yn syn auto en ried fuort.

De tsjûgen skreaune it kenteken op en sa koe de dief efterhelle wurde. De mistlampen leine yn syn auto. De man moast mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)