Tsjûgen strjitrôf Drachten socht

24 aug 2003 - 00:00

De plysje siket tsjûgen fan in strjitrôf tongersdeitejûn yn Drachten. In man út Roden (28) rûn oer de Noordkade doe't twa manlju op in scooter him in klap op de holle en in triuw joegen.

Dêrnei waard er tsjin de grûn wurke en namen de manlju syn beurs, kaaien en mobile telefoan mei. De earste fertochte is lyts, hat koart hier en in learen jas. De twadde hat rasta-hier. Tsjûgen kinne belje op 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)