Tsjûgen socht ûngelok Snits

07 jul 2010 - 11:51
  • (foto Alex Zwart)

De plysje siket tsjûgen fan in botsing op de A7. Op de stedsring fan Snits wie tiisdeitemiddei in oanriding. In frou (48) út Boalsert rekke dêrby slim ferwûne. In oare bestjoerder (62) út Annen rekke ferwûne. Troch noch ûnbekende oarsaak botsten beide auto's en kamen tsjin de fangrail ta stilstân.

De frou is mei rêch- en boarstklachten nei it sikehûs yn Snits brocht. De plysje ûndersiket it ûngelok en wol mei tsjûgen yn kontakt komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)