Tsjûgen socht ûngelok mei beam

30 mrt 2014 - 10:36
  • Plysje

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok yn Stynsgea dat twa wiken lyn barde. Op snein 16 maart om 1.00 oere hinne botste op de Legeloane in 23-jierrige man út Surhústerfean mei de auto tsjin in beam dy't op de dyk lei. Der auto rekke flink beskeadige. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de beam mei in kettingseage omseage wie. Dat is krekt foar de oanriding dien. De plysje freget minsken om har te melden as se wat sjoen ha fan it omseagjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)