Tsjûgen socht strjitrôven H'fean

01 aug 2006 - 16:26

De plysje fan it Hearrenfean siket tsjûgen fan twa strjitrôven, ôfrûne sneon yn de omkriten fan it stasjon op it Hearrenfean. In 19-jierrich famke út Sânhuzen waard sneontemoarn it slachtoffer fan in oerfal. Se waard yn de tunnel by it stasjon bestellen fan har tas.

De middeis waard in man fan 32 út it Hearrenfean op de Trambaan fan syn beurs bestellen. Hy waard bedrige doe't er op de bus stie te wachtsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)