Tsjûgen socht oerfal Ljouwert

24 okt 2009 - 13:11

Yn Ljouwert binne freedtemacht twa manlju oerfallen en bestellen. Op de Koerierstersespel waarden se troch twa oaren bedrige mei wat dat op in fjoerwapen like. Se naaiden út mei in ûnbekend jildbedrach en in mobile tillefoan.

De plysje besocht de oerfallers te pakken troch Burgernet yn te setten. Sa'n 275 minsken waarden fia in voicemailberjocht oproppen nei de fertochten út te sjen, mar dat smiet neat op. Tsjûgen kinne de plysje belje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)