Tsjûgen socht oerfal kafetaria

31 maaie 2011 - 10:42

De plysje siket tsjûgen fan in oerfal sneintejûn op in kafetaria yn de Bilgaardpassaazje yn Ljouwert. Om in oere as alve kaam in man mei in bivakmûtse de saak yn. Hy bedrige de eigner mei in mes en easke jild. De eigner koe ûntkomme en sleat himsels bûten yn syn auto op, om de oerfaller fan it liif te hâlden. De fertochte is doe útnaaid.

De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)