Tsjûgen socht oanriding Snits

05 okt 2011 - 10:09

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok dat snein yn Snits wie. Op de rotonde fan de Prins Hendrikkade en de Gedempte Pol ried in swarte Seat in fytster (27) oan. De frou op de fyts kaam te fallen en bruts de linkerearm.

De auto ried troch sûnder nei it slachtoffer om te sjen. Tsjûgen fertelden it slachtoffer dat se it kenteken opskreaun hiene en dat oan de plysje trochjaan soene. Dat is noch net dien. De plysje wol dat noch witte, Ek oare tsjûgen kinne har melde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)