Tsjûgen socht oanriding Drachten

06 apr 2006 - 11:39

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok yn Drachten, ôfrûne moandei. Op De Splitting ried in frou mei de auto achterút en rekke dêrby in famke op de fyts. It famke foel op de dyk.

De automobiliste spruts it famke oan is ried doe fuort sûnder te sizzen wa't se wie. It famke is mei in kniesde skouder nei it sikehûs brocht. Tsjûgen kinne belje mei 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)