Tsjûgen socht mislearre rôf

03 mrt 2010 - 09:51

De plysje siket tsjûgen fan in mislearre strjitrôf yn Ljouwert. In frou (76) waard sneon lestichfallen troch in jonge, doe't se op it Dragoonsplein op de bus stie te wachtsjen. De jonge easke jild fan har, mar de frou wegere. Hy knypte har dêrnei yn de earm, mar de frou woe him doe ek noch gjin jild jaan. De jonge is doe útnaaid.

Minsken dy't wat sjoen ha, wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)