Tsjûgen socht geweld De Hoeve

08 maaie 2006 - 10:19

De plysje is op syk nei tsjûgen fan geweld tsjin in 46-jierrige frou út Nijeholtpea. De frou fytste sneontemiddei oer de brêge op it fytspaad oan de Jokwei. Op de brêge seach se fjouwer jongelju fan 13 oant 15 jier.

By it foarbygean skopte ien fan de jongeren tsjin har foartsjil, wêrtroch se foel. Dêrnei naaiden de jongeren út. De frou is doe nei hûs ta fytst en hat dêr de plysje belle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)