Tsjûgen socht fernielings Harns

11 jun 2006 - 14:54

De plysje siket tsjûgen fan fernielings yn de Noarderhaven yn Harns. Sneintemoarn om 01.20 oere ha ûnbekenden in reklameboerd op in syljacht smiten.

Doe't de eigner, in 66-jierrige ynwenner fan Enschede, op it dek kaam seach er in groepke fan fiif of seis persoanen fuortrinnen. Tsjûgen wurde frege om har fia telefoannûmer 0900-8844 by de plysje te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)