Tsjûgen socht fan ynbraak Snits

31 jan 2001 - 18:30

De plysje siket tsjûgen fan 'e ynbraak yn Snits. Yn 'e winkel oan de Kruizebroederstrjitte binne yn 'e nacht fan tiisdei op woansdei 25 digitale kamera's stellen. It rollûk wie út de foegen tild en de foardoar wie iepenbrutsen.

Neffens de plysje soe in frou in oare âldere frou sjoen ha dy't mooglik mei de kraak anneks is. Se rûn om healwei fiven yn 'e steech nei de Prins Hendrikkade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)