Tsjûgen socht fan wapene oerfal op de Poiesz yn Snits

16 des 2014 - 10:21
  • Wapene oerfal

De plysje is op syk nei tsjûgen fan de wapene oerfal op in supermerk fan Poiesz oan de Keizersmantel yn Snits. Moandeitejûn kaam in man mei in wapen de winkel binnen en easke jild. Hy is mei in ûnbekend jildbedrach útnaaid. Der is net ien ferwûne rekke by de oerfal.

In winkelmeiwurker en in tsjûge hawwe de fertochte noch achterfolge, mar rekken him by de flats oan de Rûnwei kwyt. Ek in boargernetaksje smiet neat op. De fertochte is in blanke man fan rûn 1 meter 80. Hy hat in stoppelburd en hie in rôze/swarte plestik tas by him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)