Tsjûgen socht fan ûngelok

30 aug 2009 - 15:29

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok, ôfrûne tongersdei op de Berkwerterleane yn Kûbaard. In 15-jierrich famke út Tsjom waard dêr troch ien of twa inoar ynheljende auto's rekke ta hichte fan it oerstekplak foar fytsers.

Beide auto's rieden nei de oanriding troch, dus miskien ha de bestjoerders neat fan it ûngelok fernaam. De fytsster, dy't oan it ûngelok in brutsen pols oerholden hat, kin har de krekte tadracht net mear werinnerje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)