Tsjûgen socht fan ûngelok

16 feb 2008 - 12:33

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok op de grutte dyk by Terwispel, woansdei. Foarbygongers melden de plysje dat se in auto op de kop yn de bjirm lizzen sjoen hiene. Doe't de plysje der kaam, fûnen se de auto, mar der siet net ien yn.

Der is yn de omjouwing socht, ek mei in speurhûn, mar dat smiet neat op. De oare deis die bliken dat de auto stellen wie. De plysje siket minsken dy't woansdei wat sjoen ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)