Tsjûgen socht fan strjitrôf

02 okt 2014 - 19:01

De plysje yn Ljouwert siket minsken dy't tsjûge west hawwe fan in strjitrôf op de Anne Vondelingwei tongersdeitemiddei. In 18-jierrige Ljouwerter fytste krekt nei trije oere op it fytspaad tusken stasjon Camminghabuorren en de Friese Poort.

By it fiadukt oan de Anne Vondelingwei waard er oansprutsen troch twa manlju. De Ljouwerter waard ferfolgens mishannele en berôve fan syn mobile tillefoan en beurs. Neffens it slachtoffer fytsten der meardere minsken foarby doe't er berôve waard. De plysje wol graach mei harren yn kontakt komme.

Tsjûgen kinne kontakt opnimme mei plysje Ljouwert op tillefoannûmer 0900 8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)