Tsjûgen socht fan stellerij

15 feb 2009 - 17:08

De plysje ûndersiket it stellen fan navigaasje-apparatuer út in auto yn Harns. De 36-jierrige eigner út Tsjom hie de auto sneon parkeard op de Westerseedyk. Tsjin 13.00 oere krige er troch dat der in rút fan de bestelauto fernield wie.

In tsjûge koe melde dat se in oare auto mei twa ynsittenden neist de auto fan de Tsjommer sjoen hie. De plysje komt graach yn kontakt mei de frou dy't tsjûge fan de ynbraak west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)