Tsjûgen socht fan plofkreak

30 des 2013 - 16:17
  • EOD by plofkreak Wolvegea

De plysje siket tsjûgen fan de plofkreak by supermerk Jumbo yn Wolvegea sneintemoarn betiid. Unbekenden namen dêrby jild mei út de jildautomaat by de supermerk. De plysje is mei seis man dwaande mei it ûndersyk. De bylden fan de befeiligingskamera binne besjoen en de plysje hat spoare-ûndersyk en buertûndersyk dien. In Audi A6 is mei hege snelheid fuortriden fan it plak en de plysje wol witte oft minsken dy auto riden sjoen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)