Tsjûgen socht fan oerfal Snits

15 nov 2004 - 10:54

De plysje siket tsjûgen fan in oerfal sneintemoarn yn Snits. In 22-jierrige meiwurker fan in hoarekagelegenheid woe tegearre mei trije kollega's in jildkassette by in bank oan de Marktstraat deponearje.

By de bank waarden se oerfallen troch in man mei in fjoerwapen. Hy rûn mei de jildkassette yn de rjochting fan it Ald Tsjerkhôf. Ut buertûndersyk docht bliken dat dêr in twadde oerfaller klearstie mei in scooter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)