Tsjûgen socht fan oanriding

18 feb 2011 - 10:38

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding tongersdei yn Ljouwert. In man rekke ferwûne. De feroarsaker is trochriden. It ûngelok wie flak nei tolven op de krusing fan de Dammeleane en de Luchtenrek. It slachtoffer waard yn syn auto oanriden troch de bestjoerder fan blauwe Ford. Dy wie nei alle gedachten troch read riden.

Nei de oanriding sette de fertochte syn auto yn de achterút en ried er mei piipjende bannen fuort yn de rjochting fan de Valeriusstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)