Tsjûgen socht fan oanriding

09 jun 2010 - 10:08

De plysje siket noch hieltyd tsjûgen fan in oanriding yn Drachten ferline wike, dêr't twa famkes út Beetstersweach by ferwûne rekken. De famkes fytsten ferline wike tongersdeitejûn op in fytspaad oan de Boargemaster Wuitewei. By de rotonde woene se oerstekke. Op dat stuit ried der in swarte Golf mei hege snelheid op de famkes yn. Dy foelen op de motorkap en bleaune op 'e dyk lizzen.

De bestjoerder fan de auto ried gau om de famkes hinne en naaide út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)