Tsjûgen socht fan oanriding

16 nov 2007 - 11:17

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding woansdeitejûn yn Drachten wêrby't de feroarsaker trochriden is. It giet om de sjauffeur fan in wite taksy. It slachtoffer wie in man út Oerterp. Dy ried oer de Middelwyk doe't him in taksy yn de mjitte kaam.

Dy taksy skepte de man út Oerterp, bleau in eintsje fierder stean, mar ried al gau wer troch. De plysje hat alle taksybedriuwen út de omjouwing frege, mar dat hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)