Tsjûgen socht fan mishanneling

14 mrt 2005 - 12:25

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling, sneontemiddei om 14.40 oere by de McDonald's oan de Wirdumerdyk yn Ljouwert. Dêr waard in 27-jierrige meiwurkster troch in ûnbekende man yn de nekke slein en tsjin de mûle spuid.

De man kaam earst mei in blikje bier de saak yn. Letter foel er op in sitplak yn sliep. Doe't de meiwurkster dêr wat fan sei, waard de fertochte lilk. Tsjûgen kinne belje op nûmer 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)