Tsjûgen socht fan mishanneling

05 sep 2013 - 16:30
  • Plysje-embleem

De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling fan in 18-jierrige ynwenner fan Haskerhoarne. De jonge waard yn de nacht fan sneon op snein mishannele oan it Douwe Egberts Plein op De Jouwer. Doe't er út in kafee kaam krige er in triuw fan in ûnbekende man. Beide manlju krigen spul en it slachtoffer krige dêrby klappen en waard tsjin 'e holle skopt. Hy rekke dêrtroch út de tiid en rûn in harsenskodding op.

Der is oanjefte dien, mar de plysje komt graach yn kontakt mei tsjûgen.

De plysje is berikber op 0900-8844. Belje kin ek nei Meld Misdaad Anoniem op 0800-7000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)