Tsjûgen socht fan mishanneling

28 feb 2011 - 10:01

De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling dy't yn de nacht fan freed op sneon yn Snits plakfûn hat. Op de krusing fan de Schwartzenberghleane en de Napjusstrjitte waard in 44-jierrige Snitser fûn dy't bewusteleas op 'e dyk lei.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehús brocht. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)